Ut it skûtsje-argyf 1981
De wyn kin alle hoeken fine,
draait ynienen yn it rûn,
sa boartlik as in jonge hûn
en lit him oan gjin skûtsje bine.
Langwar syn Wiellen ha it witten
wêr’t de wyn de twirren lei
en hoe’t er gie syn eigen wei
mei as gefolch dat skippers switten.
It Grouster skûtsje heinde twirren,
naam yn ’t earste rak de kop,
doe hold de wyn ynienen op:
‘Joop Mink, do bliuwst in skoftke hjirre.’
It Hearrenfeanster skip woe rinne,
kriich de wyn rjocht op ‘e kop:
‘Sis Tjitte*, wurdt it top of flop?
Okee, dan lit ik dy wol winne.’
It waard in spul fan gong of lizze,
rjocht fan foaren of deryn,
gjin skipper koe wat mei sa’n wyn,
dy hie it op Langwar te sizzen.
* Tjitte Brouwer |