Ut it skûtsje-argyf 1981
Se skuorden oan de touwen
as bollen oan it tsjoar
dêr yn it Grietmansrek,
mar achter mocht net foar,
in kwestje fan fertrouwen.
It folksliet moast noch klinke,
doe bearde al de wyn
dêr yn it Grietmansrek,
gjin reef kaam der mear yn,
in saak fan los of sinke.
Gjin skûtsje soe lavearje,
sy sylden admiraal
dêr yn it Grietmansrek,
soms rom en dan wer skraal,
gjin kwestje fan wurdearjen.
It wiene mânske bollen
deun achter SWH
dêr yn it Grietmansrek,
sy woene ’t koke ha,
in saak fan ien tefolle.
|