augustus 1, 2021
fan ûnbekend*
In plan wiist nei de takomst ta
om troch te wurkjen nei in ideaal:
safolle yn in koarte tiid,
it giet op ’t lêst om kwantiteit,
it grutte kapitaal.
It kaam fan Stalin, hy woe ha
dat lytse boeren yn it grut
mear leveren yn koarte tiid,
it gie net mear fan heit op soan,
de wet hie ’t lêste wurd.
It moast net lykas ’t wie, mar sa:
de lytse boer yn it fabryk,
gjin útsicht mear op wiid en siid,
it kaam sa op produksje oan,
oan ’t ideaal gelyk.
Gjin minske is der mar op ta,
elk libbet mei syn eigen lyts ferhaal,
dat hy fertelt, elk op syn tiid,
it giet op ’t lêst om kwaliteit,
in heger ideaal.
* Foto ‘Mei Stalin’
oktober 27, 2024
oktober 20, 2024