juli 14, 2021
fan ûnbekend*
Jesaja
Klim de heechste berch op, boade,
mei foar Sion ’t blide nijs
dat God der foar har kommen is;
wês net skruten, boade, rop it nijs
út foar Jeruzalem dat God
yn al syn krêft en macht deroan komt,
foar de stêd is de beleanning wis.
As in hoeder sil Er weidzje
hiel syn keppel, ûnderweis
bringt Hy de lammen byinoar,
dy’t Er oan syn hert nei ’t wetter draacht,
foar harren docht Er alle war.
* Yllustraasje ‘Hoeder mei keppel’
oktober 9, 2024
oktober 5, 2024