Melody: Dêr’t de dyk it lân omklammet
Doe’t de Skepper joech de ierde
oansjen yn it oerbegjin,
waarden lân en wetter skieden,
lei Hy grûn foar libbensrin.
Alles like yn Gods eagen
goed wat kaam út Skeppershân,
mar yn ’t noarden rôlen weagen,
wie gjin sprake noch fan lân.
Doe’t de Skepper dat lân miste,
kriich de see de skeppingsmacht,
freegjend: ‘Fryske grûn, wêr biste?
Ik jou dy nij lân yn pacht!’
Rôljend fierden doe de weagen
klaai oan foar it fêstelân.
God beseach it, yn syn eagen
soe it libbenswearde jaan.
Friezen brochten libbenswearde
mei de fuotten yn de klaai,
hearden hoe’t de see faak bearde,
minskelibbens stiene faai.
Dêrom joech God oan de manlju
skeppingskrêft foar terpebou;
weagen koene noch sa wâlje,
Fryslân kaam net yn it nau.
Wat de Friezen doe noch misten
yn har iensum terpelân,
wie it selskip fan de bisten,
dat bewurke Skeppershân:
út ‘e weagen kroepen seekij
dy’t feroaren op ‘e wâl,
boeren krigen der sa fee by.
setten Fryske kij op stâl.
Yn de rin fan tûzen jierren
joech de see oan Fryslân klaai,
mar as wyn en weagen tjirren,
naam de see de grûn wer mei.
Dêrom joech God oan de manlju
skeppingskrêft foar dikebou.
Wêrom net oan Fryske froulju,
wêrmei wiene sy yn tou?
Dêr’t de dyk it lân omklammet
like memme-earm har bern,
dêr’t gjin frou de man beskammet,
lit sy hiel har ynset sjen.
Dêr’t de man syn swalkerseagen
stoarje lit oer fjild en strân,
set de frou by hege weagen
’t dierelibben nei har hân.
Wat de manlju earst noch misten
nei de evolúsjekij,
wie it fjoer fan flugge bisten,
as de Friezen like frij.
’t Lytse hynder mei de namme
fan de see kroep op it lân,
’t Fryske hynder fan dy stamme
fjouwere oer fjild en strân.
Doe’t de stoarm oer Fryslân bearde,
kaam Gods skepping yn it nau
mei’t de weagen hynders kearden,
doe stie op ‘e dyk de frou.
Mei de skeppingskrêft fan boppen
ried sy nei de stripe grûn,
hynders rêde wie har ropping,
sa hat sy wer takomst jûn. |