maart 31, 2021
fan ûnbekend*
Jesaja
De foarst fan Juda, Achaz, wie benaud
foar Syrië en Israel,
twa keningen tsjin him allinne;
triljend as de beammen op ’e wyn,
tocht hy: gjin tinken oan om sa te winnen.
Gjin kening stie de foarst fan Juda by,
mar wol Jesaja, de profeet,
mei wurden om wer moed te winnen:
‘Branhout binne beide keningen,
sis ik, de jiske stoot der samar hinne.’
Wol harkje nei wat ek de Heare seit:
‘Damaskus en Samaria,
dy stêden sille net sa bliuwe,
grutsk, as hjoed de dei, en Israel…
de fijân sil dat folk nei ’t easten driuwe.’
Yllustraasje ‘Achaz’
oktober 9, 2024
oktober 5, 2024