februari 27, 2021
fan ûnbekend*
Jesaja
Jeruzalem,
de stêd fan trou en rjocht,
is wurden ta in gleone hoer
mei sulver dat ûnsuver is
en wetter yn de wyn.
Jeruzalem,
dyn hearen hawwe nocht
oan stellerij, de dief as broer,
se gripe wat te krijen is,
gjin widdo komt deryn.
Jeruzalem,
wol harkje nei de Hear,
Dy’t wraak nimt op wa’t docht gjin rjocht
oan widdo, wees en wa’t oars lijt,
Hy hellet kwea derút.
Jeruzalem,
de Heare bringt in kear,
dan sprekke rjochters yndie rjocht,
wurdst neamd stêd fan gerjochtichheid
en slútst it kweade út.
Yllustraasje ‘Jeruzalem’
oktober 9, 2024
oktober 5, 2024