Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ropping fan Jesaja

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Ik seach de seraf-ingels stean,
se stiene om de hege troan fan God
en hiene allegear seis wjukken.
‘De Hear is hillich, trije kear,
syn gloarje eaget as in skat!’
sa songen sy de Hear ta ear.

Ik wie ferbjustere en stil,
wat hie ik noch te sizzen foar Gods troan
as man ûnsuver op ’e lippen,
lykas it folk, dêr’t ik mei praat;
mei eigen eagen seach ik oan
de almacht oer de serafs spraat.

Doe fleach in seraf op my ta
mei yn de tange knypt in koal, dy’t gleon
wie, sa fan ’t alter nommen, roerde
my sêft de lauwe lippen oan
en sei, as wie ik wurden freon:
‘Do stiest no suver foar Gods troan.’

Ik hearde doe de stim fan God:
‘Wa stjoer ik as myn boade nei it folk?’
‘Hjir bin ik, Hear, stjoer my as boade!’
bea ik my oan, mar frjemd genôch
waard ik in ûnbegrepen tolk…
wie ’t boadskip fan de Hear omdôch?

Ik wie ferbjustere oer wat
God sei, dat alle lân derhinne lei
foar wyld en ’t hiele folk fuortjage
waard, dat der wie gjin hâlden oan;
útsprutend libben kaam dêrnei…
dat lûd klonk ek fan God syn troan.

Yllustraasje ‘Ingel mei in gleone koal’


Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum