februari 3, 2021
fan ûnbekend*
Myn leafste is unyk
mei weagjend hier
en wite tosken,
wêr is in faam oan har gelyk?
Sjedêr de hegerein:
de kening mei
syn kreaze froulju,
sy wurde troch myn leaf ferslein.
Eachappel fan har mem
as iennichst bern,
de fammen priizje
har lokkich, suver is har stim.
De moanne, dage en
de sinne, sjoch,
sa skynt myn leafste,
ik wol har sa it leafste sjen.
* Yllustraasje ‘Folle moanne’
oktober 9, 2024
oktober 5, 2024