januari 6, 2021
fan Marc Chagall*
Breugeman
In merje foar de wein fan farao,
sa komst my foar it each, freondinne,
tusken hingers glimme wangen,
slank is dyn hals yn kralestringen,
sa rinst der strieljend hinne.
Breid
In foarst dy’t oan syn rike tafel sit,
sa sjoch ik dy, in grut bosk blommen
bisto, oars in boskje mirre,
dat rêstich leit tsjin beide boarsten,
sa fiel ik my ferromme.
Breugeman
Wat bisto moai, freondinne,
o, wat bisto moai,
as dowen binne dyn eagen.
Breid
Wat bisto moai, myn leafste,
do bist hearlik moai,
ús rêstbêd komt my foar eagen.
* Marc Chagall (1887-1985)
Skilderij ‘It breidspear’
oktober 9, 2024
oktober 5, 2024