Ut it skûtsje-argyf 1979
Yn Spanje fjochtsje se mei bollen,
bisten dy’t it mier ha oan it read
as wapen fan de stoere strider;
giet it lykwols foar de fint ferkeard,
dan streamt it bloed him oer de holle.
Ek skippers binne bollefjochters,
stjit de iene op de oar syn kop
of kont, dan komt de reade lape
yn it want en rint de spanning op
oant foar de baalje fan de rjochters.
Sa flapten op De Lemmer reade
lapen foar fiif skippers nei de kop,
dy’t kleuren pears fan argewaasje;
oer de Iselmar klonk lûd de rop
dat net de wâl it skip mear kearde.
Ien skipper hold in kalme holle,
dy fan Drachten*, altyd achteroan,
mar op de Iselmar yn ’t foarein,
bleau himsels en dat foldie him skoan,
it read-wyt-blau wie net foar bollen.
* Hattum Hoekstra |