november 13, 2020
fan ûnbekend*
Sjoch nei Leonidas,
dy’t kening wie fan Sparta,
oant it lêst ta hold er moed
al stridend tsjin de Perzen
by Thermopylai, de smelle pas.
Hy loek him net werom
op Peloponessos, want
isolaasje stie him tsjin,
fan Xerxes woed er winne,
dan de grins oer, want de wrâld wie rom.
Sjoch ek nei Xerxes, troch
ferrie koe dy it winne
fan Leonidas, syn moed
soe net stânhâlde mei dy
fan ’t elitekorps… wa libbe noch?
Mei trijehûndert hie
Leonidas fûl striden
tsjin in oermacht, wat hie sin:
syn moed waard as in foarbyld
foar de Griken: kom sa ta de die.
* Byld ‘Leonidas’