Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Wiisheid as foarrjocht

Bibelbylden

fan ûnbekend*

It is faak krekt oarsom en better
as wat men gewoanwei seit:
it treurjen komt djip út it moed,
wylst laitsjen op ’e flakte leit.

In goede namme bliuwt yn wêzen,
giet de drager achternei,
wylst oalje op ’en doer ferdampt,
wurdt daliks yn de romte wei.

In hûs dêr’t feest fierd wurdt, hat minder
as in hûs fan djippe rou,
want yn it lêste sprekt de ein
as teken fan ultime trou.

’t Is better om nei straf te harkjen
fan in wize dy’t it mient,
as nei de lofsang fan in dwaas,
dy’t fan in oar de noaten lient.

Lit jild in wize net ta dwaasheid
liede, want dan draait it om
omkeaperij, wat skea bringt oan
it hert; wat rjocht is, wurdt dan krom.

Beskermje kinne jild en wiisheid
beide, mar de wiisheid is
in foarrjocht om’t dy libben jout,
in erfskip rint men wolris mis.

Wês bliid mei ’t goede yn it libben,
mar wannear’t it minder giet,
hâld foar de takomst goede moed,
God jout de freugde en fertriet.

Yllustraasje ‘Wiisheid’

 

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum