november 8, 2020
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Tiid en romte as in twaspan,
sa seach Einstein dy relaasje:
relativiteit yn it hielal,
de wittenskip kriich faasje.
Mei ’t kompas hat Albert boarte,
’t waard foar him in rjochtingwizer
nei it noarden en de wittenskip,
troch ’t witten waard er wizer.
Syn fioele liet er klinke
om yn harmony te kommen
mei syn tinzen oer in grut ferbân,
sa waard syn geast ferromme.
Iepen stie er foar ’t mystearje
yn relaasje mei it witten,
’t waard foar him in wei nei God Natoer…
wa koe him mear ûnthjitte?
Mei de wittenskip as basis,
libjend in de heechste sfearen
fan de kosmos, kriich er de Nobel-
priis, yn relaasje eare.
* Foto ‘Albert Einstein as jonkje’
** Foto ‘Albert Einstein as âldere man’
november 24, 2024
oktober 27, 2024