oktober 5, 2020
Uneinich rinne rûnten troch,
lykas in slang dy’t kop noch sturt
hat, kronkeljend itselde paad,
fertel dêrfan it nut.
It komt hjir net op tellen oan,
gjin mjitte sûnder sturt en kop,
dat sykje ’t yn in rom ferskaat
en harkje nei de rop
fan fûgels yn de iere moarn
al nei in briedplak op ’e strún,
elk nei syn eigen bou en aard,
as biotoop de tún.
Uneinich rinne jier nei jier
nei wer in jier, it giet mar troch,
it liket op in streekrjocht paad…
hoefolle jierren noch?
augustus 26, 2024
augustus 19, 2024