september 28, 2020

Gjin sprake fan allinnich
swimme, mei elkoar gean
guozzen troch de tiid,
in hechte mienskip, mar frijsinnich.
Mei frijheid yn de fearren
fleane sy de fierte
yn, it hat wol sin
om gakjend nei elkoar te hearren.
Sy kinne dêr net sûnder,
om’t kommunikaasje
útrint op ’t bestean
fan boppe fleane, frette ûnder.
Net achtslaand op ’e boeren,
fiele sy har frij om
frettend troch te gean,
allinnich mar harsels oanstjoerend.
Gjin sprake fan allinnich
swimme, mei har bern gean
sy ek troch de tiid
as ien famylje, mar frijsinnich.
september 22, 2025
september 18, 2025