Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Nei de sûntfloed

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
sneon, 9 july 2005

De himel sette stadich ticht
en doe’t de grauwe wolkewalen
benamen ’t kleare sicht
op wat mei grutte halen
as troch in skilder opset wie,
begûn it wat te drippen
mei rûntsjes op ‘e mar
en foar de barsten lippen
yn droege grûn, fan har
in wiete tút.

De himel skode iepen,
ynienen kaam, as gie de stop derút,
de rein mei bakken del,
de Potten lei yn tûzen stippen,
de ierde, fan it eazjen kjel,
stie ’t wetter oan de lippen
en liet it rinne yn de sleat,
de hichte yn, doe’t Noachs floed
de arke meinaam boppe klippen,
sa like ’t hjoed.

Mar moarn, dan is de himel blau
en rin ik op ‘e Grienedyk
te skilderjen de kleare fierte
fan ’t palet mei kleuren, ryk
oan droege ierde, en mei lippen,
wiet fan wille, fluitsje ik om lyk
de sûntfloed fan ’t ferhaal
by ’t gûnzjen fan ’t gemaal.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum