september 4, 2020
fan Paolo Veronese*
Sy holden djipgeand fan elkoar,
Kephalos en Prokris;
goadinne Eos fan de dage
kaam dertusken, fûn by him gehoar.
Sy rekken dêrom út elkoar,
Kephalos en Prokris;
hy krige spyt en kaam mei fragen
by syn frou: gie sy ek mei in oar?
Dus spile hy in oare rol,
Kephalos nei Prokris;
sy liet har troch ‘dy man’ behage,
doe’t it útkaam, skeat it by har fol.
Fertrouwe koe sy him net mear,
Kephalos liet Prokris
allinnich, gie op jacht, sy folge
him, doe smiet hy nei in proai syn spear.
De proai wie net in rekke dier,
Kephalos hie Prokris
de dea oandien, hy waard oanklage,
syn ferballingsoard lei withoefier.
* Paolo Veronese (1528-1588)
Skilderij ‘Kephalos en Prokris’