augustus 16, 2020
fan ûnbekend*
Lit ús op it libben drinke,
lit ús drinke op ’e dea,
der is neat tsjin op fleurich wurde,
freugde docht gjin minske kwea,
elk wurdt betsjinne op syn winken.
Lit ús tinke oan it libben,
ek in bytsje oan de dea,
dy’t wol wat hat mei dronken wurde,
alkohol lûkt troch de lea,
fersloppet wêr’t men earst nei stribbe.
Lit ús leare fan de Steaten,
dy’t feriene wiene tsjin
de alkohol om drûch te wurden,
mei it each op grut gewin,
mar wit dat drinkers fierder geaten.
Lit ús net nei oaren wize:
drinkers of wa’t bliuwe drûch,
want elk wurdt op syn wize wizer
yn de keamer of de kroech…
lit alle geasten fleurich rize.
* Foto ‘Alkohol wurdt ferballe’
november 24, 2024
oktober 27, 2024