De sânstoarm hat him bleat lein
nei syn seis miljoen jier rêst,
de kop hat ’t minskdom tasein
oer syn oarsprong nij hâldfêst.
De dea hie him gjin grêf jûn,
’t lyk lei sûnder lucht en ljocht
te hurdzjen as wie ’t fêstbûn,
oan de ivichheid ferkocht.
It minskdom hat him stal jûn
sa’t er west hie yn syn tiid,
in geve hûd, mar wol bûn
oan ferfal, de faaie striid.
Gjin lyk kin lykwols winne
hjoed de dei yn tiid fan him,
it grêf leit yn de sinne,
mar bliuwt koarter as de stim.
|