Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Hormoangefaar

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It wie it jier fan maitiid yn de hjerst,
de waarmte loek it grien nei boppen,
wylst it hert it bloed troch ’t lichem kloppe
brûsden de hormoanen op har bêst.

De jerke wist net wat er der oan hie
mei kleuren dy’t fan driften glommen
draaide er syn rûntsjes, mar der swommen
amper einen foar syn lette die.

Image

De sinne riisde foar in nije dei
en mong syn strielen yn it jachtsjen,
ek de jerke koe net langer wachtsje,
fleach domdryst en gysten oer de wei.

Dêr leit er no, mei sloppe griene kop
en wyld de fearren om him hinne,
wylst hormoanen út it lichem rinne
en de einen swimme fierderop.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum