Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Io

Mytebylden

fan Gerbrand van den Eeckhout*

Io dreamde oer god Zeus,
dy’t har ferliede woe,
wat sy fertelde oan har heit,
dy’t harke nei ’t orakel:
‘Jou no mar ta, sa wurdt de dream in feit.’

Om’t syn frou ’t net witte mocht,
want Hera wie jaloersk,
feroare Zeus har yn in ko,
foar Io in merakel,
dêr’t Hera achterkaam: ‘Hoe ha ’k it no!’

Io’s dreamen wiene oer,
net ien waard ta in feit;
in hoarnbij gie har achternei,
foar har in frjemd spektakel:
fan ko wer faam, se naam har sjarme mei…

… nei Egypte, wol nei ’t sin
waard sy dêr keningin.

* Gerbrand van den Eeckhout (1621-1674)
Skilderij ‘Io as ko’


 

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum