juni 6, 2020
fan Jophra*
Twa tekens kamen oan de himel:
in frou mei sinne, moanne,
tolve stjerren op ’e kroan;
in draak mei koppen, hoarnen,
diademen op ’e kop…
úteinlik gie it om de soan.
De soan waard troch de frou ferwachte,
se raasde fan de pine
by de berte, ’t gie har oan.
De ierde koe de draak ferwachtsje
en stjerren dy’t net skine
soene, ’t kaam op lijen oan.
De soan wie noch mar krekt op ierde
of hy soe iten wurde
troch de draak, mar ’t gie net oan.
God hat him nei de himel helle,
de frou is op ’e flecht slein,
sy kaam oan yn de woestyn.
* Jophra (1919-1998)
Skilderij ‘De frou, it bern en de draak’
oktober 9, 2024
oktober 5, 2024