Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Lêste wurden

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan anonym*

Image

Sels in foarst moat oer de lêste grins,
hy giet de wei fan hiel de wrâld,
want dêrfoar is er sljochtwei mins,
syn fuotten reitsje stiif en kâld,
dat David koe ek net mear rinne.

Salomo moast komme by syn bêd
nei strideraasje oer de troan,
wat rûn as fjoer troch hiel de stêd;
dêr wied er dan, de fredessoan,
as by it opgean fan de sinne.

David spriek as wied er in profeet,
wylst oan syn hannen kleefde bloed,
mar oan de ein kriich hy wer weet
fan wat wie kwea en wat gie goed:
trou oan it wurd, dêr moast it hinne.

Op it lêst spriek wer it âlde aard:
gjin frede foar de generaal
dy’t bloed fergetten hie út haat;
dat wie de ein fan it ferhaal,
dat Salomo koe him besinne.

* Sêne út ‘Bible Historiale’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum