maart 16, 2020
fan ûnbekend*
Margaret wie ien fan alve,
de sechde, moai der tuskenyn,
sy wist fan heger en fan leger,
efkes foar, mar faker yn de wyn…
lit gean of stryk dêrtsjin de salve?
Feministe, dus ek roppen
om yn te striken tsjin it hier
fan wa’t it by it âlde hâlde
woene: alle nachten yn it spier,
de frou derûnder, man derboppe.
Margaret woe ’t tal beheine,
it kaam foaral op plannen del,
foaral net heger, leaver leger,
foar de measten klonk har lûd te skel,
in keppel bern wie dochs Gods seine?
Tsjin konsepsje hat se stribbe,
sa kaam der foar de frou in pil
om ’t oantal bern beheind te hâlden;
nei ’t skelle lûd waard ’t efkes stil:
de sel bedrige ’t warber libben.
Foto ‘Margaret Sanger mei har beide soannen’
oktober 27, 2024
oktober 20, 2024