fan Wouter Mol*
fan Jan Adam Kruseman**
Dêr leit er swier ferwûne,
Willem van Oranje, ek wol heit
fan ’t nije heitelân;
syn wrede dea, al rap in feit,
kaam fan in moardnershân.
Balthasar wie syn namme,
Gerards kriich er fan syn Frânske heit
en ek de roomske haat
foar protestanten, ’t wie in feit:
hy rûn it moardnerspaad.
Hy koe him presintearje,
stelde him as Frânske ealman foar
en ek as protestant;
sa kriich er oan it hôf gehoar,
mar ’t doogde fan gjin kant.
Nei’t Willem van Oranje
iten hie, kaam Gerards foar it ljocht
en skeat, ’t gie dûbelop;
Balthasar hie syn taak folbrocht,
mar ’t koste him de kop.
* Wouter Mol (1785-1857)
Skilderij ‘It stjerbêd fan Willem van Oranje’
** Jan Adam Kruseman (1804-1862)
Skilderij ‘Willem I ferriederlik troffen’ |