Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De krekte tiid

Lyrysk Deiboek

De hichte lit de moarntiid sjen
mei ljocht dat walewolken brekt
en útrint oer de wetterspegel,
dy’t noch net brekt troch ’t spul
fan wyn en weach of troch de regel
fan farre op ’e krekte tiid.

Sjedêr, der giet gjin  tiid ferlern,
want mei de djoere oalje stekt
it nau en dus ek mei benzine,
dus fart de tanker troch
de spegel, lit it ljocht ferdwine,
dan wit men fan de krekte tiid.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum