september 16, 2019
De koppen kamen byinoar
om efkes te oerlizzen,
’t gie benammen om de strategy
hoe mûzen op te jeien,
want de skea oan ’t gers wie bar.
Foar kij gie ’t om it deistich miel,
ek foar de blauwe reager,
dêr’t in poarsje mûzefleis foar wie;
dy hie oars neat te kleien,
kriich troch ’t stampen rom syn diel.
Ien stampte fierste entûsjast,
in oanslach op ’e reager,
dy’t fuortdaliks op ’e wjukken gie,
hy seach de mûzen swaaien:
‘Flean mar op, bist net ús gast!’
augustus 26, 2024
augustus 19, 2024