Ut it skûtsje-argyf 1977
It wie te sjen, al foar de start
begûn de striid mei wyn en weach,
de skipper socht om de posysje
dêr’t it skûtsje ’t heechst út fart
en ’t seil falt fol ambysje.
Dêr’t fjirtjin fjochtsje om de ear,
befart mar ien it heechste plak,
mar ek dêrachter waard ferwoede
striden, sjoch de liuw en earn
fûl yn de achterhoede.
Dat Drachten yn de midden foer
en mei de D net ûnder gie,
dat wie in dûbelstriid foar wûnder;
lykwols foar wie ’t fjochtsjen oer,
want Huzum rekke ûnder.
|