Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Dea mar libben

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1962

De skippers fan de jierren sechtich,
de measte mei har trouwe pet,
fertrouden op har ûnderfining:
fan iere moarn oant jûntiids let
belibben se de strakke bining
mei alle waar en wyn, de wet
fan linich wêze yn it silen.

Image

Hjir hast se dan,
de koppen sûnder lea
as libben man,
mar allegearre dea.

Image

Har nammen sille libjen bliuwe
salang’t de skûtsjefloat noch fart
fan ’t nauwe nei it wide wetter,
fan wâl- nei fleanend frije start
en komt de finish folle letter,
dan wurdt der fan har beard en sward,
want linich wiene sy yn ’t silen.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum