februari 13, 2019
fan ûnbekend*
Al tiden bin ik ûnderweis
mei Paulus om him by te stean
as hy fan Jezus tsjûget;
it is al wer syn tredde reis,
hy wol noch altyd fierder gean,
fan Asia nei Masedonië.
Wy moasten út Efeze wei,
dêr’t Paulus’ libben rûn gefaar
fanwege in rebûlje;
myn eigen libben stie ek faai,
it fielde troch dat opskuor naar,
ik winske my yn Masedonië.
De winsk kaam út, wy reizgen nei
myn heitelân, yn eigen taal
koe ik fan Jezus tsjûgje;
it gie wer fierder, ik woe mei,
want fierder moast ek it ferhaal:
fan Asia oer Masedonië
nei…
* Kaart ‘Paulus’ tredde sindingsreis’
oktober 9, 2024
oktober 5, 2024