Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Timpeljonge Samuël

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Joshua Reynolds*
fan ûnbekend**

Hy wie noch mar in lytse jonge
doe’t mem Hanna him nei Ely brocht,
de timpelpryster fan de Iene;
se hie oan har belofte tocht,
har jonkje mocht se inkeld liene.

Image

Dat Samuël lei op ‘e knibbels,
wat fan Ely moast… en fan de Hear,
hy wiisde him it Wurd as boarne,
as streamend wetter koel en klear,
mar sei neat tsjin syn smoarge soannen.

Hy hearde op in nacht ien roppen,
miende dat it bline Ely wie,
mar nei de tredde kear: ‘De Iene,
dus jonge, folgje no myn rie,
do silst Him straks dyn earen liene.’

Image

De fjirde kear kriich hy te hearren
wat de Iene oer de pryster sei:
it oardiel oer de heit syn swijen,
it wie de ein fan Ely’s wei,
mei Samuël kaam der in nije.

* Joshua Reynolds (1723-1792)
Skilderij ‘It jonkje Samuël’

** Skilderij ‘Samuël wurdt roppen’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum