| Ut it skûtsje-argyf 1977 
 Hy rûn al tsjin de tachtich,jierrenlang de lytse, grutte man
 fan ’t âlde skip fan Drachten:
 Aldert*, yn de ban
 fan ’t roer, iendrachtich.
 It roer moast him út hannendoe’t it libben nei de santich rûn
 en seilen machtich waarden;
 skipper sterker bûn
 oan âlde bannen.
 Hy rûn nei it ferlinedoe’t syn skûtsje by de foarsten foer
 mei tûke Drachtster mannen;
 soe dan no in boer
 de bannen bine?
 ’t Rûn út op lange mêstenen sa njonkelytsen nei de ein
 fan ’t hiele skûtsjesilen;
 Aldert hie it sein,
 doe koed er rêste.
 
 * Aldert Hoekstra 
 |