oktober 26, 2018
fan ûnbekend*
In frou kin wol allinnich stride
as de moed har net ûntbrekt,
it libben om har ynset freget…
sy docht gjin stap fansiden.
Lit Artemisia mar rinne,
jong al widdo, mar direkt
naam sy ’t regear waar foar har soantsje,
sa stie hy net allinne.
Mar kaam hy boppe bernejierren,
Artemisia bleau oan,
beskôge him noch as har mantsje,
sa wie sy net beswierre.
Lit Artemisia mar farre,
kommandante fan har float,
fiif skippen tsjin dy fan de Griken,
sy hat har moed net sparre.
Foarst Xerxes fûn de manlju frouwen,
Artemisia oan board
wie man, dy’t meifocht mei de Perzen,
te manlik om te trouwen.
* Skilderij ‘Artemisia I fan Karië’