Ut it skûtsje-argyf 1976
Wa hat it foar it sizzen
tusken kont en kop?
Wannear’t konflikten spylje op,
dan kin ’t de master misse.
As master yn it silen,
wol mei in hurde kop,
klom Hylke* stadich op,
dochs foel foar him de bile.
It skûtsje fan De Jouwer
woed er mei yn tou,
acht wiken lang yn Grou,
De Jouwer woe mar fjouwer.
De SKS waard rjochter,
sette ’t yn de kiif:
gjin fjouwer, acht, mar fiif,
dochs Hylke bleau in fjochter.
De Jouwer hie te sizzen:
‘Bliuwt syn kop al stiif
en wol er net nei fiif,
dan lit er ’t skip mar lizze.’
It ôfskie fan de wite
hat him hiel wat dien,
it skip waard dêrom grien,
doe koed er it wol slite.
Foto Utjouwerij Van der Meulen, Snits
* Hylke de Vries |