september 21, 2018
fan John William Waterhouse*
Bekend wie sy mei ’t labyrint
op Kreta, dêr’t heit Minos hearske,
ek it plak fan Minotaurus…
Ariadne joech de hint.
Koe ien it meunster wol ferslaan,
dat hie it stal fan bolleminske?
Elk wie bang foar Minotaurus…
Ariadne soe it jaan.
Theseus foer as keningssoan
nei Kreta, woe mei ’t meunster stride,
foar ’t gefjocht mei Minotaurus
seach er Ariadne oan.
Sy joech de prins in lange trie
foar ’t labyrint, wie ek fereale,
doe fersloech er Minotaurus,
fûn de útwei nei syn die.
Tegearre giene sy op reis
en kamen oan op ’t eilân Naxos;
wylst de leave faam dêr sliepte,
wie de feint wer ûnderweis.
Dionysos fûn har op it strân
en waard as dronkenman fereale;
as de wyngod woe hy ’t fiere,
fierde har nei’t goadelân.
* John William Waterhouse (1849-1917)
Skilderij ‘Ariadne’