september 14, 2018
fan Jean-Francois Detroy*
De opdracht wie foar fyftich helden,
farrend op de ‘Argo’ withoefier,
gjin langstme mear nei ’t folkje thús:
‘Manmachtich binne jim as Argonauten,
helje op it gouden flues!’
De aventoeren dy’t se telden,
wiene net te hâlden op ien hân:
mei froulju, fjochters en frjemd folk,
manmachtich wiene sy as Argonauten,
sjoen troch goaden op har wolk.
De trochgong tusken blauwe rotsen
waard earst hifke mei in rappe do,
doe foer de ‘Argo’ like rap
dertroch, manmachtich hearden Argonauten
achter har de stiennen klap.
Koe lokjend roppen ’t skip dan botse
litte? Orpheus song der dwers tsjinyn,
fersloech sa hiel ’t Sirenefolk,
manmachtich bleauwen sy as Argonauten,
sjoen troch goaden op har wolk.
De opdracht foar de fyftich helden
waard foltôge mei it gouden flues
en langstme nei it folkje thús.
* Jean-Francois Detroy (1679-1752)
Skilderij ‘De fangst fan it gouden flues’