oktober 1, 2016
Se steane oan de Grienedyk, ien lange rige grien, de jierren troch wie har gelyk: sa mei-inoarren ien.
Gjin stoarm wie sterker as har driuw, oerlibje as gehiel, gjin twirre joech de lêste triuw, se wiene ien fan siel.
Dy iene stie fier fan ’t gehiel, ticht tsjin de reiden oan, de keale wierheid waard syn diel en sa is hy doe stoarn.
augustus 27, 2026
augustus 20, 2026