juni 29, 2018
fan Jacques-Louis David*
Andromache, frou fan Hektor,
Trojes aldergrutste held,
in frou dy’t folle net genôch ferlear,
sy hat de deaden op har fingers teld
en wie mei njoggen noch net klear.
Heit, har man en noch sân bruorren
waarden troch Achilles slein,
it bloed rûn yn Skamandros, in rivier;
de frou fan Hektor wie har rie te’nein,
de ein kaam noch, it wie safier…
… dat se sjen moast dat har soantsje
fan de muorre smiten waard,
wylst Troje gûlde om dy bernemoard;
de Griken hiene oars net as spotsk praat
doe’t Andromache kaam oan board…
… fan Achilles’ soan, dy’t Pyrrhos
hiet, foar har in anty-held,
dy’t op har ynstiek mei syn spot en spear;
foar Pyrrhos hat him ek in moardner meld…
foar Andromache kaam de kear.
* Jacques-Louis David (1748-1825)
Skilderij ‘Andromache treurt om Hektor’