maart 23, 2018
Ut it skûtsje-argyf 2014
Lit ús ’t net ha oer Snits,
de Pan dy’t hjoed de wedstriid wûn,
of oer Doarp Grou, te ier fan start,
en op ‘e finish nei al kampioen,
mar oer wat elk betize hat,
dat wie de flits…
De flits heech yn de loft,
de pylk dy’t wiisde nei de kop:
de stjoerboardslach, dy’t geunstich wie,
dus Huzum, knyp sa nei de tonne op,
oars as de konkurrinsje die,
gean út ‘e kloft…
Wer flitste wat foarby
mei ljochte wjukken op en del,
in wizer fan de krekte slach,
dy’t oersloech nei de fleugel, yn in tel
gie ’t skûtsje slingerjend oerstaach
mei read yn lij…
De flits wie oer, de rest
stie op ‘e gaffel, teken fan
it fjoer dat net mear rikje woe,
it wie as rekke Huzum yn de ban,
earst koarjend fan in goarre, doe
fan in protest.
april 4, 2018
april 2, 2018