fan Giovanni Francesco Barbarie*
Wat hied er lokkich mei har west,
mei Hagar en ek Ismaël,
syn twadde frou en harren soantsje,
by Sara wiene beide net yn tel,
sy spriek de ban, hy soarge foar de rest.
Wat wied er lokkich mei it lûd
fan Izaäk, al lang foarsein
en op syn âlde dei noch berne,
oant Ismaël him narre, as ferslein
beharke hy de ban oer ’t eigen bloed.
Djip ûngelokkich moast er dwaan
wat yngie tsjin syn eigen moed:
dy beide yn de frjemdte stjoere,
in fingerwizing en in lêste groet,
dat wie de rest, wat koed er oars noch jaan?
* Giovanni Francesco Barbarie (1591-1666)
|