fan Carlo Cignani*
fan Rembrandt**
detail
Delila, keninginne fan de nacht
en Simson, smoar fereale op har liif,
gjin tinken oan, hy nimt him net yn acht,
fertrout him ta oan ’t willewiif.
Foardat it komt oan ’t bleate nachtspul ta,
komt sy yn opdracht fan de heechste fiif
mei flaaikjend freegjen oer syn krêft en sa,
hy jout him noch net bleat foar ’t wiif.
Gjin farske snaren hâlde Simson tsjin,
de nije koarden skuort er fan it liif,
syn hier yn ’t weeftou leit tichtby de sin,
mar is noch net genôch foar ’t wiif.
Delila, keninginne fan de nacht,
pakt Simson by it hert, foar har geriif,
it sulver, krijt sy no oer him de macht,
de lokken falle foar it wiif.
De nazireeër is syn sterkte kwyt
en kin de Filistinen net mear oan;
wa’t yn it libben fan twa wâlen yt,
ferliest de krêft as Juda’s soan.
* Carlo Cignani (1628- 1719)
Skilderij ‘Simson en Delila’
** Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Simson troch Delila ferret’
|