Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Deryn en derút

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Belbello de Pavie*

’t Ferlet dreau Simson binnen,
earst yn Gaza, fijân-stêd,
dêrnei by har, freondinne-hoer,
dy’t faak fernaam syn krêft op bêd,
doe joech hy him oan ’t sliepen oer.

De skoattel op ‘e poarte
sleat it paad foar Simson ôf;
syn krêft bleau achter by de hoer,
sa woe de stêd fan dizze frou,
by deiljocht joech er him wol oer.

Mar Simson waard al wekker
doe’t de nacht op healwei wie,
wat koe it skele… dochs gjin moer?
Hy wist nei bûten ta wol rie:
de doarren los, foar him gjin toer.

Image
detail

* Belbello de Pavie (sirka 1432-1462)
Skilderij ‘Simson sloopt de poarte fan Gaza’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum