Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Fjurrige wraak

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Rembrandt*

Simson koe har net ferjitte,
sette wer op Timna ta
yn goedens mei in geitebokje,
want hy woe har dochs wol ha,
syn grime hied er achter litten.

Image

Skoanheit die it lûkje iepen,
mar liet Simson der net yn,
syn dochter libbe mei in oare,
ommers ’t wie al skoften lyn
en no al nacht, se lei te sliepen.

Simson flamme op fan grime,
sette foksen nei syn hân,
bûn twa by twa, in fakkel tusken
sturten, sa ûntstie der brân
yn ’t nôt, in lôge oant de kimen.

Skoanheit seach de Filistinen
kommen, allegearre poer
op ’t hûs dat twa kear brulloft fierde;
op ‘e nij in lôgjend fjoer:
wer twa dy’t âlen fan de pine.

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Simson bedriget syn skoanheit’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum