fan Rembrandt*
De tredde reis nei Timna ta,
sjedêr it liuwelyk mei bijen,
Simson stiek de hân deryn en sa
koe hy oerfloedich huning krije.
detail
Doe gie it op ‘e brulloft oan
yn ’t selskip fan wol tritich maten,
Simsons breid siet op har hege troan,
hy hong om oer syn reis te praten:
‘Iten naam de iter mei
en swietens joech de sterke wei.’
Foar ’t selskip wie it riedsel dreech,
dochs woene sy de ynset winne,
dat se drigen har by heech en leech,
de breid koe net om Simson hinne.
’t Wie op ‘e sânde brulloftsdei
doe’t sy him op ‘e lije side
kroep en gûlend him har wierheid sei,
sa is er yn har falstrik gliden.
Krekt foar’t de sinne ûndergie,
kaam ’t selskip fan de tritich maten,
want mei ’t riedsel wie it út ‘e rie,
dus neat hie hy mear te bepraten:
‘Neat wat boppe huning giet,
sa swiet,
de liuw dy’t foar de sterke stiet.’
Doe sette Simson daliks ôf,
hat foar dy keardels pakken helle,
mannich neiste rekke yn de rou,
sa koe de dea oant tritich telle.
* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘De brulloft fan Simson’
|