januari 21, 2018
Ut it skûtsje-argyf 2011
Skipmachtich brûsde ’t nei Langwar,
hjir mei in flagge, dêr in wimpel,
giel en swart, read, wyt en blau,
de measte eagen simpel.
De mêsten heech, de wjukken yn
it rûn en wer dy tinne doeken,
klappend op Langwarder wyn,
foar skippers goed te brûken.
Der klapten wurden nei de start,
want alle fjirtjin easken rjochten,
mar de Fryske flagge hat
it skûtsjeskeel besljochte.
De kopposysje wie foar Grou,
it skûtsje fan it skerp lavearjen
bleau oan de tradysje trou:
Langwar kin ús wurdearje.
De finish wie foar de piraat
mei giel, blau, read en tal fan stjerren,
flaggen foelen yn it skaad,
syn skot wie skerp te hearren.
april 4, 2018
april 2, 2018