december 27, 2017
Ut it skûtsje-argyf 2010
It is in simmerdei sa as it heart
foar skûtsjes by it âlde Grou,
de wyn noardwest, de Tynje nau,
de ûvertuere foar de skipper
dy’t sawat fan spanning stjert.
Hy sjocht net nei de sloep of klipper
dy’t de seilen strutsen hat,
de hûndert triedden binne swart
foar eagen, fleurich al dy flaggen,
mar de skipper skôget heil.
Hy hat syn sinnen set op mêst en seil
en fok, mei hûndert triedden trimd,
dêr’t hy de winst hjoed grif fan nimt:
de ûvertuere fan De Jouwer,
daliks al nei ’t heechste peil.
Net ien it heil, mar noch wol fjouwer
stride foar har earediel:
It Hearrenfean mei hout en stiel
sylt brûzjend nei de Fryske flagge,
mar ferliest de Tynjeslach.
Sjedêr De Jouwer, dan noch wis en wach,
mar fel foarseit it giele doek:
de finish misse, gjin gebrûk
foar ’t winnen fan de ûvertuere,
Boalsert kleuret as myn slach.
april 4, 2018
april 2, 2018