Se fûnen him op ’t hurde hout,
ús tredde generaasje,
in misslach, de fatale fout
en út wie ’t mei syn faasje.
Hy song ús wekker, moarns betiid,
in lûd fol fleur en graasje
besiele alle dagen swiid
de wrâld, syn sangdonaasje.
No leit er stil en stom ferslein
troch glês, in imitaasje
fan loft, syn frijheid sûnder ein,
mar sûnder moederaasje.
’t Begrutsjen kaam fan dy’t him fûn,
ús tredde generaasje,
se ha him oan de ierde jûn,
gewoan, gjin styl of staasje.
No leit syn grêf yn ’t rulle sân
mei blommen en wat stiennen,
in lêste groet noch fan de hân
dy’t droech it lyk derhinne.
|