december 16, 2017
fan Nicolas Poussin*
‘Soan fan David,’ ha ik roppen,
sûnder noch te witten wat ik sei,
’t kaam samar yn my op,
faaks kriich ik it fan boppen.
Blyn wie ik, nea seach ’k de sinne,
altyd tsjuster, wie it nacht of dei?
Doe hearde ik de rop
oer Jezus, rap derhinne.
‘Soan fan David, ha meilijen,’
rôp ik, mar se snauden my doe ta:
‘Hâld do dy no mar stil!’
As soe de Soan my mije.
Ik mocht lykwols by him komme,
leaude hy woe my it sicht ta ha,
wat spoarde mei syn wil…
myn útsicht waard ferromme.
* Nicolas Poussin (1594-1665)
Skilderij ‘Kristus genêst de bline fan Jericho’
oktober 9, 2024
oktober 5, 2024