Wetter, elemint fan heger as
de mêst, troch nimmen noch te kearen,
wolken litte fûle buien los,
it waar sil de finale leare.
Wetter, leger as it skûtsjeflak,
it elemint kin izer drage,
weagen slaan tsjin kop en stjoer en bak,
de mar stelt de finale fragen.
’t Antwurd komt fan wachtsjend skippersfolk
dat foar de striid beslút te pisjen
achter ’t swurd – sa ek noch wettertolk
fan spanning – om har ta te rissen.
Wachtsjend stiet it trouwe wâlpublyk
it himelwetter op te kearen
mei it lichtste doek, in droech ûntwyk
foar wa’t gjin kâns hat op ‘e eare.
Skerp lavearjend striidt de skûtsjefloat
mei doek om twirren op te heinen,
’t hichtewetter steurt gjinien oan board,
wat ûnder is giet boppe ’t reinen.
As de finish daveret mei in skot,
lit dan it sâlte wetter streame,
want de kampioen is skûtsjegod,
dêr’t trettjin skippers noch fan dreame.
Reinich waar hat de finale leard
dat alles hat wat mei it wetter,
silen oer ien boech, finaal ferkeard,
natuerlik libje is dochs better.
|